Categorieën
Stepervaringen

Step ûnderfining jubileumjier

Yn 2015 fjirde ús feriening har 30e jubileum. Hoe moai is it om in step ûnderfining yn it Frysk te meie ûntfange. 9 Blauwhusters en 1 Westhimer dogge mei oan de step 11 stedentocht 2015

23/24 maaie 2015 wie de 30e step 11 stedentocht.
Jappie de Jong, Niek Popma, Marrit vd Meer, Siety Bruinsma, Gradus Terwischa van Scheltinga, Jan Dooper, Durk Ludema, Bernard Brouwer, Annemarie Flapper en Anja Overwijk gongen dizze utdaging oan.

Wat opfalt dat dizze tocht steeds populaider wurd, we ha wolris mei dient, dienen der in lytse 100 mei. No wienen dat oer de 200 minsken die stepten.

Sneon 23 maaie s’nachts om tolf oere gie it start skot yn Bolsert. En we hoapje 24 maaie om in oers as fiif wer werom te wezen yn Bolsert. Fan te foaren binne we senuweftich, sille we it helje? Hoapelijk krije we gjin hurde wyn en mankementen.

Der binne in protte minsken yn Bolsert dy us oan moedigje en sukses winskje. At we fuort steppe gean we troch in ere haag fan minsken, dy us ta juiche, in kipefel moment. Der nei de donkere stilte yn op nei Dokkum. Oant Dokkum moat de hiele ploeg bij elkoar blieuwe. Earst gean we nei Harns en Frentsjer. Foar Frentsjer komme we troch Herbajum it doarp fan Piet Paulusma. Der binne minsken die ut de kroech komme om us oant te moedigjen. Se stekke dan fjoerwurk of en der binne minsken die nog wat pykante bleate lichemsdielen litte sjen.

Om 6 oere binne we yn Dokkum. Geartsje Brouwer en Therese Altena stiene de mei de folgauto mei iten, drinken, skjinne klean en in reservestep. Efkes rap ite, ferkleie, stempelje en gauw wer fierder, want 6 oere meie we ek alwer ut Dokkem wei. Doe gie de tocht op nei Ljouwert en Bolsert, folge troch us folgauto. Bij Bolsert wurd it steppen dreech, je sjogge Bolsert lizze mar we moatte nog oer allegeare lytse doarpkes en kronkeldykjes. We wurde dan al wat stiller en bikelje nog efkes troch.

Yn Bolsert kommen ite en ferklaaie Jappie, Niek, Annemarie en Anja bij tante Anne Zijlstra (wel bekend), har hertlykheid en bakje thee docht us wonderen. Jolanda en Sijke soargje dat us iten wurd opwaarme. De oaren fan e ploeg Bernard, Gradus, Durk, Jan, Siety en Marrit sit ek bij familje yn Bolsert.

Om 10.30 meie we wer ut Bolsert en is de ploeg wer bijelkoar. Op nei Snits, bij Nijlan wurde we oanmoedige troch Blauwhuster, dacht docht je wol goed. Dernei nei Drylst, nei Spannenburg der krije we in bakje fla en wat fruit. Yme Overwijk stiet der dan mei de folgauto en kinne we nog wat ite/as drinken ynslaan foar underweis. Dan geane we nei Sleat en nei Aldemarrum. Yn Aldemarrum steane wer allegeare bekenden us op te wachtsjen om us te foarsjen fan iten en drinken. En us wer moed yn te praten, dat ha we nog wol nedig, want we moatte de gaasterlanske bergen nog bedwinge. Earst yn Aldemarrum hawwe in groepsstart en giet de wedstriid los fan wa as 1e yn Bolsert is. Bij de bult op yn Aldemarrum begjinne we de spieren goed te fielen, mar it einde is yn sicht. Foar Starum ha we nog 2 bergen der bij op is dreech, mar we sjeese wer lekker nei underen ta. Yn Starum efkes stopje en dan op nei Hylpen. Op de seedyk fan Hylpen sitte in protte Blauhusters us wer oan te moedigjen, geweldig wer. Krekt as giet it steppen dan wer efkes wat makkelijker. No op nei Warkum foar de leste stempel. Yn warkum steane Heit Bonne en Mem Jontsje us nog wat moed yn te praten. En neffes us stiet hiel Warkum oan e kant fan e dyk us ta te juichen.

De leste kilometers nei Bolsert krije we wer fleugeltsjes. It is moai waar en we witte dat we in hiel grut onthaal krije yn Bolsert. We wurde omroppen: “Daar komt een hele ploeg uit Blauwhuis aan.” Oan beide kanten fan e dyk stean wer in protte minsken te juichen en te klappen. Je fiele je dan krekt as Koning Willem-Alexander en Koninginne Maxima at we binnen helle wurde en de beker yn untfangst nimme. We binne tsien minuten nei fiifen binnen dat is best genoch. It earste potsje bier en de bifi woarstjes fan Anja smeitsje dan extra lekker. Foar de step 11 stedentocht tinke we wat helje we us sels wer op e hals. Mar at we de tocht dan wer helle ha en alles is goed gient dan tink je: Yes we gean miskien toch ek wer in oare kear. At jimme nog in yndruk krije wolle oer us step afentoer sjoch dan op:

Dizze link

Groetnis fan de gesusters Flapper, Annemarie en Anja